foarmen fan letter

 

op it lege strân hearde ik in bern
laitsjen, ús soantsje smiet wer
boartlik in bal omheech

 

do kaamst derby
sloechst dyn earm
leafdefol om my hinne

 

ik seach dyn langst
de jonge dy’t dyn oanwêzigens
net opmurk, rekke betize

 

yn it letter dat wy sels foarme hiene
in fersplintere libben
elk op syn eigen paad

 

  

sms

 

sy iepenet himel en ôfstân
loft draacht lyts har wurden
satelyt nei satelyt

 

toan fan ferbining
sykje ik gau it boadskip
by keunstmjittich swartljocht

 

ik ferskik ûngemurken
myn besette hert rjochting har
azemje in oare waarmte

 

fan it yntime momint
dat sy oan my tinkt; har fingers
op myn namme; sa tichtby

 

 

Ofreis

 

leech mei kompliminten
bring ik mysels yn feiligens

 

sjochsto wat hjir gebeurd is?
sels ik ferlit it sinkende skip

 

yn besykjen omwuolle
hûd wol ik dy leafkje

 

mar do leist my yn ’e lijte
oan legerwâl, rotsfêst fertrouwen

 

skansearre yn in nachtdize
de oanboazjende ôfreis ljochtet op